Plysje hâldt razende en mishanneljende frou út Ljouwert oan

30 aug 2018 - 08:01

De plysje yn Ljouwert hat woansdei in 47-jierrige frou út de stêd oanhâlden. De frou wie ûnder ynfloed en skopte twa tafersjochhâlders en misledige in tredde.

Plysje - Foto: ANP

De frou stie op it ein fan de middei te razen op de Oosterkade en se besocht in kamera te fernielen. Doe't de tafersjochhâlders har dêr op oansprutsen, waard de frou agressyf. De plysje waard derby helle en hat de frou oppakt. Se sit fêst foar fierder ûndersyk. De tafersjochhâlders hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
plysje frou
(advertinsje)
(advertinsje)