Kollum: "Simmer"

30 aug 2018 - 07:43

"In freon fan my frege my fan 'e wike: 'De simmer is foarby, dochs?' Ik antwurde: 'Dat hinget der fanôf watst krekt mei simmer bedoelst.' Want, it wurdt bêst noch aardich waar, as ik de berjochten leauwe mei. Okee, wat rein, mar it wie ek wol hiel drûch de lêste moannen. De skoallen binne yn it midden en suden fan it lân al wer begûn, mar yn it noarden noch net. We ha noch in ôflevering fan Zomergasten snein. En om earlik te wêzen: ik bin noch net klear!

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It is ferjamme al hast wer septimber en ik freegje my ôf wat ik mei myn simmer dien ha. Dy dagen mei al dat prachtige waar, ha ik der wol úthelle wat der yn siet? De lêste wike fan augustus ha ik altyd in freeslike wike fûn.

De HEMA leit bygelyks al lang wer fol mei skoalguod: aginda's, pinnen en skriften. Dy moatte allegearre wer folskreaun wurde. Mei Frânske wurdsjes, mei wiskundige berekkeningen en mei skiedkundige formulen. Opstellen wurde der mei skreaun, skrift nei skrift. Moedeleas wurd ik derfan, al jierren. Al wit ik net krekt wêrom, want ik hoech dat sels net mear te dwaan.

Mar sa'n simmer. Gerard Cox jammeret dan wer achteryn myn holle: ''t Is weer voorbij die mooie zomer". Ik montearje it hjir mar net ûnder, want dan krij ik it de kommende moanne wer net út 'e kop. Ik hearde earne dat it bêste effekt fan in simmerfakânsje is it der nei útsjen, mear as de fakânsje sels. Dat snap ik wol. Al wie it mar om't ik fan dei twa ôf fan in simmerfakânsje altyd al tocht: we binne al wer opwei nei it ein. Ja, dy mankelikens siet der al betiid yn.

Ja. Laitsje der mar om, mar sa wurdt it fansels nea wat mei dat genietsjen fan in simmer. Ik bin der gewoan net sa goed yn. It is hearlik om sûnder jas nei bûten te kinnen, mar dêr genietsje ik eins allinnich de earste dei fan. De twadde dei ferjit ik myn portemonnee, want dy sit fansels yn myn jas, dus sa'n jas is dochs wol handich.

Ik gean yn de simmer meastentiids net op fakânsje. Ik bin net sa op-fakânsje-achtich en dan regelje ik soks dus ek net sa gau. Dan bliuwt it derby, mar soms fergun ik de minsken wol dy't al op fakânsje gean. Want der is gjin bettere markearring fan de simmer as in simmerfakânsje. In begjin en in ein. En it hat as bykommend foardiel dat oaren it ek begripe. Benammen in reis nei Frankryk is superdúdlik: ik ha op fakânsje west nei Frankryk, kinst dan sizze. Helder. Begryplik. En elkenien tinkt dat it aardich is.

Miskien moat ik mar sabeare dwaan, wannear't fan nije wike ôf elkenien wer freget: hast in aardige fakânsje hân. 'Ja! Ik ha nei Frankryk west! In húske yn it suden fan de Vogezen!' Dan wit nimmen wêr't dat wie, mar elkenien sil tinke: prima, húske, Vogezen, wat wolle je noch mear? It is in better antwurd as de 'mood breaker': no ja, mar ik ha net fuort west. Dan tinke se dochs dat je net hielendal goed binne. Krekt as oft je de simmer noch net mienskiplik ôfslute kinne. Wat ik ek hielendal net wol: ik bin noch net klear!

Ik wit net krekt wat it mei my is, mar in ferklearring soe wêze kinne dat de santjinde simmer fan je libben al wat oars is as de fjirtichste, ik neam samar even in getal. Op dat punt dogge je wat minder dingen foar it earst, mar wat ik dan noch net begryp is wêrom't ik dan noch altyd sa weemoedich wurd, sa tsjin septimber.

En de grutste heugenis oan it ein fan de simmer is wol dat it jûns nei it Achtoere-sjoernaal al wer tsjuster is. De sinne is hiel hurd fan ús ôf oan it bewegen, nei it súdlik healrûn.

Mar dêr skûlet dan ek wol wer in ljochtpuntsje yn, want oer trije wike is it 21 septimber en op dy dei remmet de ierde al wer ôf mei de kantelbeweging en giet de sinne al minder hurd rjochting it suden. Dus dat betsjut yn sekere sin dat de sinne de beweging foar de folgjende simmer al wer ynset. En dêr kin ik my dan wol wer enoarm op ferhûgje."

(advertinsje)