"Myn hert leit dêr", Boukje Fokkema nei Ruslân foar weesbern

Boukje Fokkema fan Menaam sil foar fiif jier nei St. Petersburg om dêr weesbern te helpen. "It is myn ropping. Ik haw hiel faak yn St. Petersburg west en seach de need om de bern te helpen", fertelt se.
Boukje Fokkema © Boukje Fokkema
Yn 2016 hat Fokkema twa jier yn Sibearië west om weesbern hoop en libben te jaan. Op 16 septimber reizget se wer nei Ruslân, mar no nei St. Petersburg. "De foarige kear haw ik mei kampen meidraaid en seach ik de need ûnder de weesbern. Yn Ruslân binne hast gjin foarsjenningen", fertelt Fokkema.
De kar foar St. Petersburg kaam net ûnferwachts. Fokkema hat ferskate kearen yn dy stêd west. Yn 2004 kaam se der foar it earst. "Dy reis hat myn libben feroare". Fan dy tiid ôf giet se alle jierren nei Ruslân.
Famylje en freonen stypje Fokkema. "Se binne wol wat wend. Se sizze sels ek 'dyn hert leit dêr', mar it is ek wol lestich. It is fier fuort". Fokkema docht har wurk fanwege har leauwensoertsjûging en har famylje stiet achter har. Se hat in TeamThúsFront dat meihelpt fûnsen te krijen. Dochs is it dûbeld, fertelt Fokkema. "Je libje yn twa wrâlden, mar je kieze ergens foar".
De oertsjûging om dit wurk te dwaan, sit him yn de lytse dingen. "Ik bin der net om de wrâld te feroarjen. In sit him yn lytse dingen. Dêr giet it om. Bygelyks dat in bern syn jierdei fiere kin", fertelt Fokkema. Dat se dat yn Ruslân docht, fernuveret de Russen sels ek wol wat. Ik krij wolris de fraach: "Wêrom Ruslân?"," fertelt Fokkema.
Net allinnich de Russen sille miskien fraachtekens sette by de kar foar harren lân. Der binne bygelyks ek oare lannen dêr't bern help brûke kinne. Ek is Ruslân net in maklik lân om as bûtenlanner te ferbliuwen. Politike en kulturele oertsjûgingen soargje derfoar dat it dreech it lân yn te kommen. Dêrneist wol it lân nei bûten ta goed oerkomme en problemen net sjen litte. "It is dan ek sa dat de bern fuortset wurde yn in weeshûs krekt bûten de stêd", fertelt Fokkema.