Burdaard wol stânbyld alvestêdeswimmer Van der Weijden

Burdaard wol stânbyld alvestêdeswimmer Van der Weijden
Burdaard wol in stânbyld foar swimmer Maarten van der Weijden. Dat moat komme op it plak dêr't er syn heroyske alvestêdeswimtocht opjaan moast. Van der Weijden moast nei 55 oeren en 163 kilometer út it wetter helle wurde omdat er siik wurden wie.
Maarten van der Weijden © ANP
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Burdaard
Mei it byld wol it doarp Van der Weijden earje en it moat ek in bliuwend oantinken wurde oan de striid tsjin kanker. Neffens ien fan de inisjatyfnimmers, Jenno Terpstra, hat Van der Weijden in soad minsken rekke mei syn inisjatyf.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Om genôch jild foar it byld byinoar te krijen is in lanlike ynsammelingsaksje begûn. Binnen tritich dagen wolle de inisjatyfnimmers 50.000 euro ynsammelje. It projekt wurdt stipe troch doarpsbelang Burdaard-Jislum.