Hynder stellen; wêr is Amazing Zendor bleaun?

29 aug 2018 - 22:54

Ut in greide oan de Molenwei yn Hitsum is in hynder stellen. It giet om in 10-jierrige Nederlânske Appaloosa fan sawat 1.56 meter grut. It is in opfallend hynder mei in brede bles en hege wite fuotten.

It hynder is ôfrûne wykein út de greide weihelle troch twa minsken dy't in hynstekarre by harren hiene. Der is oanjefte dien by de plysje.

It stellen hynder Amazing Zendor - Foto: Anita de Heij

De eigener fan de greide en de fokker fan it hynder, Anita de Heij, wie fuort te iten yn Ljouwert op it stuit dat it hynder út de greide helle waard. De oare dei seagen se it hynder net yn it lân stean en fregen se de buorlju oft dy wat opfallends sjoen hiene.

"De buren vertelden dat ze paniek hoorden bij de paarden", fertelt Anita de Heij. "Toen ze keken wat er aan de hand was, zagen ze twee personen in het weiland met een trailer. Ze dachten daarom dat het wel goed zou komen", fertelt De Heij.

(advertinsje)