Kontroversjeel boek Mein Kampf yn de boekhannel

It boek Mein Kampf, Mijn Strijd, fan Adolf Hitler leit fan tongersdei ôf yn de boekhannels. Oant no ta wie dat yn Nederlân ferbean.
Boekhannel Van der Velde yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Yn it boek beskriuwt Hitler syn ideeën oer polityk, ras en Dútslân. Boekhannel Van der Velde mei sân festigings yn it Noarden sil Mijn Strijd ek ferkeapje, al sille se der gjin reklame foar meitsje. Sa komt it boek net yn de etalaazje te lizzen.
Haad yn- en ferkeap Ronnie Terpstra