Studinten betinke en skriuwe 24 oeren lang donateurskampanje foar Fier

29 aug 2018 - 22:22

Earstejiersstudinten fan de nije oplieding 'online contentcreator' oan de NHL Stenden hawwe in drege earste stúdzjedei. Yn de Kânselarij yn Ljouwert binne se dwaande binne se 24 oeren lang dwaande mei it opsetten fan in donateurskampanje. It goede doel is de stichting Fier, de opfangorganisaasje foar slachtoffers fan geweld yn relaasjes.

Foto: Joppe Spaa

De twajierrige oplieding 'online contentcreator' oan de hegeskoalle is nij. Tsien studinten hawwe harren ynskreaun. Om de oplieding wat bekender te meitsjen, is der in aksje betocht. De studinten helpe de stichting Fier dy't him ynset foar slachtoffers fan geweld yn relaasjes. Se betinke in kampanje hoe't de opfang donateurs krije kin. Oant no ta hie Fier net echt in donateurskampanje, mar "eind november gaan we van start met onze nieuwe campagne en we zijn echt enorm benieuwd naar de ideeën van de studenten", seit Sonja Oclin fan Fier.

De studinten krije 24 oeren lang help fan de eigen dosinten en fan âld-studinten dy't no yn de kommunikaasje wurkje.

Trefwurden: 
NHL Stenden Fier
(advertinsje)