Diskusje oer takomst Ynjebetinking Ljouwert

Alle stuollen beset by de betinking yn it Rengerspark. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
De wize wêrop't de provinsjale Ynjebetinking hâlden wurdt, wurdt de kommende tiid tsjin it ljocht hâlden. En dat leit bêst gefoelich, seit foarsitter Gerard van Klaveren fan de stichting Indië-Monument Friesland. De stichting organisearret sûnt 1993 in betinking by it Ynjemonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert. Mar alle jierren binne dêr minder feteranen by. En de famylje hat der lang net altyd ferlet fan om it oer te nimmen, sa sei Van Klaveren woansdeitejûn.
Kommissaris van de Kening Arno Brok leit in krâns. © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Dat der in betinking bliuwt op dat plak, stiet fêst foar it stichtingsbestjoer. Mar de fraach is wol hoe't dat dan moat. Dêroer wolle sy takom jier yn petear mei de donateurs, de provinsje Fryslân, de gemeente Louwert en fertsjintwurdigers fan de feteranen.
Sels joech Van Klaveren ek twa foarbylden fan hoe't in nije betinking der útsjen kin. It soe bygelyks in betinking wurde kinne fan alle Friezen dy't by oarloggen en missys omkaam binne. It kin ek keppele wurde oan de provinsjale feteranedei. Ek oare opsjes binne besprekber.
Harkje nei de bydrage