Sander Arends kin net stunte op US Open

29 aug 2018 - 18:48

Tennisser Sander Arends út Ljouwert is der net yn slagge om de twadde ronde te berikken op de US Open. By it wrâldferneamde toernoai yn New York wiene Jean-Julien Rojer en Horia Tecau mei 6-3 en 6-4 te sterk foar Arends en syn Kroätyske maat Antonio Sancic.

De wedstriid yn sifers - Foto: US Open

Yn beide sets hienen Rojer en Tecau oan ien break genôch om de set te winnen. Arends en Sancic krigen wol mooglikheden om sels ek in break te meitsjen, mar slaggen dêr net yn. Ek in breakpoint by in efterstân fan 5-4 yn de twadde set, om hielendal werom te kommen yn de wedstriid, koe net binnenhelle wurde.

Rojer en Tecau binne as sechsde pleatst op de US Open. It duo is titelferdigener yn New York. Foar Sander Arends wie it de earste kear yn syn karriêre dat er yn aksje kaam op de US Open.

(advertinsje)