LTO: "Blau-alch-ûndersyk útfierd yn stedsk gebiet"

29 aug 2018 - 18:16

It ûndersyk nei blau-alch yn it wetter is benammen úttfierd yn stedsk gebiet yn Brabân. Dat seit Trienke Elshof fan boere-organisaasje LTO. Yn de stêden komme de nutriënten dy't liede ta mear blau-alch benammen fan stront fan hûnen en fûgels en fan stikstof dat delslein is. As it begjint te reinen nei in lange perioade fan drûchte dan wurdt dat yn ien keard útspield.

Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch - Foto: Omrop Fryslân

Trienke Elshof

De Wageningen Universiteit makke woansdei bekend dat de taname fan blau-alch benammen feroarsake wurdt troch dong fan agraryske bedriuwen. Dus, net de hege temperatuer is de belangrykste oarsaak. Dat blykt út ynternasjonaal ûndersyk dêr't de Nederlânske universiteit ek oan meidien hat. Boeren binne ferantwurdlik foar dong.

"Der binne meunsters naam en dêr se hawwe se wat oan tafoege oan nutriënten. Dan koene se sjen dat de groei fan blau-algen tanaam en dat die it ek", seit frou Elshof oer it ûndersyk.

Lân is te hurd om wetter op te nimmen

"It kloppet dat nutriënten in taname fan blau-alch yn it wetter feroarsaakje. Allinnich, yn dit ûndersyk is benammen sjoen nei stedsk wetter", seit frou Elshof.

"Jo soene tinke: as it begjint te reinen nei in lange drûge perioade, dan is it oer de mei blau-alch., Mar dan nimt de blau-alch krekt wol ta. Dat komt omdat de grûn yn lanlik gebiet, dêr't it hiel lang net reind hat, te hurd is om alle wetter op te nimmen. En dat wylst der wol dongstoffen op lizze. Dan spielt dy dong allegearre tagelyk yn it oerflakwetter."

Neffens frou Elshof hoecht it belied fan dongútriden net oanpast te wurden. Der rinne al programma's foar it tsjingean fan hielôfspieling en se dogge oan presyzjedongjen.

Trefwurden: 
LTO blau-alch Trienke Elshof
(advertinsje)