Warkumer set alle grêfstiennen yn Fryslân op de foto

29 aug 2018 - 17:08

Op it roomsk-katolike begraafplak fan Ljouwert hat Maikel Galama 4.446 foto's makke fan de grêfstiennen. Fan guon stiennen makke er meardere foto's fanwege de details. De Warkumer fotograaf is al jierren dwaande. It is de bedoeling dat alle grêfstiennen fan Fryslân op de foto komme.

Foto: Maikel Galama

Maikel Galama

"Ik hâld fan genealogy en begraafplakken binne in stik skiednis en kultuer," leit Maikel Galama út. Hy is begûn yn Blauhûs dêr't syn foarâlden en famylje weikomme. By Simmer 2000 wie er yn Heech, syn bertedoarp. "Doe die ik hiel Wymbritseradiel en dan wolle je fierder no?"

Eins hat er alle begraafplakken fan Fryslân al fotografearre, mar in part dêrfan is analooch, dus makke foar de tiid fan de digitale kamera. Hy wol it materiaal graach diele en dat it tagonklik komt foar oaren. Hy hat al kontakt mei Tresoar dy't ynteresse hat om de kolleksje te digitalisearjen en te keppeljen oan bygelyks berte-akten. Yn syn argyf sitte al 300.000 foto's.

Nuvere reaksjes

Soms krijt er wolris nuvere reaksjes fan besikers op it begraafplak. "Minsken binne lilk en freegje wat ik oan it dwaan bin, mar as ik it dan útlis, is it faak ek wer goed."

Hy hat ek alris minsken bliid makke mei syn foto's. "Ik hie ris ien op besite dy't it grêf fan syn pake op myn foto's seach, en dat grêf wie al romme. Dan is it wol tankber wurk. Ik doch it foar mysels, mar ek in bytsje foar oaren."

(advertinsje)