Biografy oer Fryske skriuwer A.M. Wybenga

29 aug 2018 - 14:23

Oer de Fryske skriuwer, dichter en taalstrider Anders Minnes Wybenga is in biografy skreaun: Yn eigen taal. It is gearstald troch histoarikus Jan Minno Rozendal.

A.M. Wybenga - Foto: Wikipedia

A.M. Wybenga (1881-1948) wie gernier yn de omkriten fan Wetsens. Njonken it wurk op syn bedriuwke hat er in soad foar de Fryske saak út de wei set. Hy wie de earste Fryske dichter dy't it oandoarst en om alle 150 psalmen yn it Frysk oer te setten (útjefte yn 1923). Dêrnjonken binne in roman, in tal dichtbondels, ferhalebondels en toanielstikken fan him útjûn. Hy wie mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip en de Kristlik Fryske Folks Bibleteek.

Wybenga wie net altyd like noflik. De wrede kluten fan de klaai foarmen him ta in steech en rjochtsinnich man, dy't syn eigen wegen gie. Dat botste gauris, bygelyks mei mannen as E.B. Folkertsma, Douwe Kalma, Jan Piebenga en Fedde Schurer, en kin mei de reden west hawwe dat Wybenga der yn guon oersjoggen fan dy tiid bekaaid ôfkomt.

De KFFB joech opdracht ta dit wurk yn it ramt fan LF2018 én om't it santich jier lyn is dat Wybenga ferstoar.

Freed 7 septimber wurdt it boek presintearre yn sealesintrum Nij Sion yn Nijewier.

(advertinsje)
(advertinsje)