De Fryske Marren en Waadeilannen populêr by toeristen

Toerisme wurdt hieltyd belangriker foar de ekonomy fan Nederlân. Ferline jier gong der mear as 80 miljard yn om. Mear as in tredde wurdt bestege troch de bûtenlânske toerist. Ien en oar docht bliken út ûndersyk fan it Sintraal Buro foar de Statistyk, it CBS. Yn Fryslân binne De Fryske Marren en de Waadeilannen populêr, mar dan benammen by de Nederlânske toerist.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Pieter Hein van Mulligen fan it CBS
It CBS ferwachtet lykwols dat de bûtenlânske toerist Fryslân hieltyd better wit te finen. Neffens ûndersiker Pieter Hein van Mulligen fan it CBS is dat it gefolch fan Kulturele Haadstêd 2018. It docht bliken dat oer de earste fiif moannen in kwart mear toeristen nei Fryslân kommen binne as in jier lyn yn deselde perioade. "Dat is een enorme stijging", seit Van Mulligen.
Giethoorn hat it dit jier hiel drok hân mei Sinezen. Dat kin neffens Van Mulligen ek barre mei histoaryske stedsjes as Hylpen en Sleat. "Zulke plekken vallen erg in de smaak. Het zou zomaar kunnen dat het daar erg druk gaat worden."