Undersyk: dongstoffen foarnaamste oarsaak blau-alch

29 aug 2018 - 13:11

Dongstoffen dy't fia it lân yn it oerflaktewetter terjochte komme, binne de foarnaamste oarsaak fan de foarming fan blau-alch. De temperatuer hat folle minder ynfloed op de ûntwikkeling fan de baktearje as oant no ta oannommen waard.

Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch - Foto: Omrop Fryslân

Mike Lurling, ûndersiker

Dat docht bliken út in ûndersyk fan de universiteit fan Wageningen yn gearwurking mei universiteiten yn Brazilië en it Nederlands Instituut voor Ecologie. Neffens ûndersiker Mike Lurling fan Wageningen University & Research is benammen de útspieling fan nitraten en fosfaten dy't mei de dongstoffen op it lân brocht wurde, de grutte oarsaak fan blau-alcheksploazjes. Sawol boeren as de oerheid soene dêrom sa gau mooglik mei in oplossing komme moatte om it fersmoargjen te redusearjen.

LTO is fernuvere

LTO Nederlân seit yn earsten fernuvere te wêzen dat no ek al de oarsaak fan blau-alch by de boeren dellein wurdt, mar is noch net op de hichte fan it ûndersyk en wol earst de resultaten bestudearje foardat se in reaksje jaan kinne.

(advertinsje)