Iepen Monumintedei: Sjoch ris oars nei dyn eardere skoalle

29 aug 2018 - 12:27

Op sneon 8 septimber is de lanlike Iepen Monumintedei. Ek Ljouwert docht mei en dêr is it tema skoalgebouwen. 'Sjoch ris oars nei dyn eardere skoalle' is it biedwurd.

Foto: HCL

Skoalgebouwen binne in spegel fan maatskippij en tiidgeast. Yn Ljouwert binne der tal fan gebouwen fan beukerskoalle oant hbo-skoalle. Yn watfoar styl is it boud, is it noch altyd in skoalle?

Sintraal ynformaasjepunt is Theater De Bres (Schoolstraat 4) mei rûtekaarten en ek by Historisch Centrum Leeuwarden (Groeneweg 1), is de rûtekaart te krijen. Dêr is ek in fototentoanstelling oer Ljouwerter ûnderwiis en skoalgebouwen.

Wêr kinst hinne?

Dizze skoallen binne iepen: Theater De Bres, Sint Anthonyschool, Prinsentuinschool, Stedelijk Gymnasium, Gemeente hbs, Vijverschool, Buitenschool, Maria Louiseschool/Koningin Wilhelminaschool, Sint Thomasschool, Marije's Kleuterhof, M.T.S., Vosseburcht, Bakkersvakschool, Beyers Naudé Gymnasium en Christelijke LTS.

Ek oare monuminten binne iepen lykas ûnder oare de Haniahof, Rabobank en Huis van Eysinga. Ek yn de doarpen om Ljouwert hinne binne tal fan aktiviteiten lykas yn Stiens, Jelsum (Dekemastate) en Grou.

Arsjitektuertoer

Op snein 9 septimber is der in arsjitektuertoer, in fytstocht mei gids by wenningbouplannen en wenarsjitektuer del fan de lêste 25 jier yn Ljouwert.

(advertinsje)