WoonFriesland ynvestearret tsien miljoen euro yn bouprojekten It Hearrenfean

29 aug 2018 - 11:32

Sosjaal ferhierbedriuw WoonFriesland ynvestearret de kommende tiid tsien miljoen euro yn ferskate nijbouprojekten fan wenningen op It Hearrenfean. Der wurde 52 wenningen yn de Tjerk Bottemastrjitte, Piet van der Hemstrjitte, Vermeerstrjitte en de Van Goghleane sloopt. Derfoar yn it plak komt nijbou. De wurksumheden begjinne nije wike.

Annemarieke Voortman fan WoonFriesland

Dit ferâldere hierhûs wurdt meikoarten sloopt - Foto: Omrop Fryslân

De bewenners hawwe allegearre ferfangende wenromte krigen, likernôch de helte komt werom yn de nije wenten. Dat jildt ek foar Maria Jankuloski fan de Vermeerstrjitte. "Het is hier gezellig. We hebben met de buren afgesproken dat we allemaal weer terugkomen." Dat it âlde hûs sloopt wurdt, fynt se folslein terjochte. "De huizen hebben hun beste tijd gehad, ik was het er meteen mee eens."

De nije wenten krije gjin gasoansluting, mar wurde 'all-electric'. Om oerlêst foar te kommen lit WoonFriesland de fundearring boarje en net heie. Oan de Trekker wurde 57 huzen duorsum makke troch se better te isolearjen en troch sinnepanielen te pleatsen. Yn in appartemintekompleks oan de Kempenaerssingel wurde sân apparteminten makke yn leechsteande kantoarromtem. It wurk op dat plak is woansdei al úteinset.

(advertinsje)
(advertinsje)