Filmmakker siket jild foar koarte film oer Fryske keunstner

29 aug 2018 - 11:18

De Grinzer filmmakker Tom Tieman makket in koarte dokumintêre oer de Fryske keunstner Alle Jong. Hy siket dêr fia crowdfunding jild foar. Yn 'De Muze' komt de Fryske keunstner yn it Centraal Museum yn Utrecht in jonge frou tsjin. Foardat er har oansprekke kin, is se alwer fuort. Hy siket, fia sosjale media, de frou dy't er útropt ta syn muze.

Alle Jong - Foto: Vimeo Tom Tieman

'De Muze' wurdt in koarte dokumintêre oer Alle Jong (29) dy't fan De Himrik komt. Foar de film fan sa'n tsien minuten is 5.000 euro nedich dy't Tieman fia crowdfunding binnen helje wol. Sponsors kinne as tsjinprestaasje op de ôftiteling of in print fan Jong krije.

De film wurdt draaid yn Harns oant heal septimber en sil yn novimber op it Noordelijk Film Festival yn premjêre gean. Earder makke Tieman in film oer Boer Dijkhuis dy't in priis wûn foar de bêste dokumintêre op it Noordelijk Film Festival ferline jier.

(advertinsje)