Provinsje stipet LF2018-eveneminten mei paadwizers

29 aug 2018 - 10:33

Organisatoaren fan eveneminten yn Fryslân kinne tenei by de provinsje in oanhingwein mei ferkearsbuorden liene. De ferkearsbuorden kinne brûkt wurde om it publyk it paad nei it evenemint te wizen, bygelyks nei de parkearterreinen.

Foto: Provinsje Fryslân

It giet om lytsskalige eveneminten, dy't maksimaal twa wiken duorje en dy't hâlden wurde yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. It útlienen fan de oanhingers is ûnderdiel fan de kampanje FollowFemke.nl en moat der neffens de provinsje oan bydrage dat besikers fan in evenemint op in freonlike en gastfrije wize ûntfongen wurde.

(advertinsje)