Traumahelikopter mei laserpinne beskynd

29 aug 2018 - 09:33

In traumahelikopter is tiisdeitejûn by De Houtigehage mei in laserpinne beskynd. De helikopter wie ûnderweis fan Aldegea (Smellingerlân) nei fleanfjild Eelde, doe't de piloaten fernamen dat se beskynd waarden. Se hawwe dit fuortendaliks trochjûn oan de loftferkearslieding yn Eelde. Dy sil oanjefte dwaan by de plysje.

(advertinsje)