Wetterskip Fryslân telt fisk om de Fryske wetterkwaliteit te bepalen

29 aug 2018 - 08:54

Wetterskip Fryslân is dizze wike begûn mei syn trijejierlikse ûndersyk nei de wetterkwaliteit yn ús provinsje. Om dy kwaliteit fêst te stellen wurde ûnder oare de oanwêzige fisken teld. De tellingen wurde op meardere plakken dien, sawol yn marren, fearten, kanalen en sleatten.

Neffens Jan Roelsma fan it wetterskip seit it oantal fisken en oanwêzige soarten wat oer de kwaliteit fan it wetter. Fan de fisken wurdt de lingte opnommen en ek wurdt der nei de sûnens fan de bisten sjoen. Dêrnei wurde de fisken weromset. Neist nei de fisken wurdt ek sjoen nei de oanwêzige wetterplanten, algen en lytsere wetterbisten.

Jacob Stelwagen prate yn Fryslân fan 'e moarn mei Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân

De útkomsten dy't it ûndersyk opsmyt wurde sammele en oan de ein fan it jier kin dan de konklúzje bekend makke wurde. "Dan hebben we een compleet beeld van hoe het met de visstand staat", neffens Roelsma.

(advertinsje)
(advertinsje)