De Vries tredde op 1500 m NK
Stefan Groothuis hat snein op it NK ôfstannen op It Hearrenfean de 1500 meter wûn yn in tiid fan 1.46.26. It sulver gie nei Kjeld Nuis mei in tiid fan 1.46.88. Hy bleau dêrmei krekt foar op Sjoerd de Vries fan Top en Twel. De Vries kaam ien hûndertste te koart op de einstreek. Wouter Olde Heuvel waard fjirde en Mark Tuitert belâne op it fyfde plak.