Nachtlike syktocht nei drinkeling yn Toppenhuzen

Nachtlike syktocht nei drinkeling yn Toppenhuzen
Yn en om Toppenhuzen is yn de nacht nei woansdei nei in drinkeling socht. Neffens de earste berjochten wie dat omdat meardere minsken los fan elkoar immen om help roppen hearden.
Dûkers op syk nei in drinkeling yn Toppenhuzen © BTBfotografie
Der waard ûnder oare socht troch dûkers fan de brânwacht fan Snits en in oerflakterêdingsteam fan de brânwacht fan Heech. Sy sochten meardere wetters yn de omkriten fan Toppenhuzen ôf. De syktocht hie gjin resultaat. Uteinlik is besletten om op te hâlden mei sykjen.