Kollum: "Oergong"

29 aug 2018 - 07:47

"We sitte yn de oergongswike. En de oergong is, froulju witte dat it alderbêste, in kloateperioade. Harkje mar.

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

Ik siet sneon yn De Lemmer op in grôtfol terraske yn de feestlike skûtsjedrokte, doe't de kampioensskûtsjes fan de IFKS it Dok ynfarren kamen. Fleur. Efter my siet in timmerman. Dat hjit tsjintwurdich fansels oars, mar ik neam immen dy't yn de bou wurket noch gewoan in timmerman. "Moandei wer oan it wurk ", sei er en helle de skouders op. "Eins ek wol wer moai, mar je moatte wol wer omstean." Ik knikte hoeden, mear mei in pensjonado net dwaan.

Op de ek grôtfolle strjitte rûn wethâlder Jehannes van der Pal fan Grut Fryske Marren lâns. In glimk en in hastige hân. Want we hienen noch net echt in ûnderwerp om oer te âldehoeren. De polityk stiet nammentlik fan maaie ôf stil. Dy begjint pas yn septimber wer. Nije wike. Jehannes is ek yn de oergong.

By Spannenburch ynienen in pear hûndert ljippen dy't oer de dyk hin en wer fleagen. Se makken har klear foar de groepsreizen nei it suden.

Doe begûn it ek noch swier te reinen. De simmer wie foarby.

Dus sneins mar om de fuortridende campers hinne, en wer gewoan nei it fuotbaljen op It Hearrenfean. Dêr wienen wy ek noch net echt klear foar. As Feyenoord komt sit it Abe Lenstra stadion meastentiids dochs hielendal fol. No, no net koe 'k sjen. Dêr hie ik echt net it ûndersyksburo Locatus út Woerden foar nedich. De fuotballers dienen ek noch oan 'zomeravondvoetbal'. Boppedat wie it net gesellich. Fûn ik. Miskien ha ik wol wat mear lêst fan de oergong.

Mar dat ha mear minsken. We dogge mei syn allen sa'n waarme simmer neat oars as yn en yn tefreden sykhelje, om't je net mear oan de holle ha as hoe krij ik in pilske op 'e tiid en wat foar fleis moat op de barbecue. En dan is der ynienen dy al sketste hurde oergong.

Eins hat Fryslân it hielendal net oan tiid om de oergong yn. Ja de bern moat nije wike wer nei skoalle en ús hûs moat noch ferkocht wurde, mar foar it oare daveret Fryslân evenemintelân gewoan troch. De gondels en praalweinen rukke massaal út, want de jierdei fan de âlde keninginne Wilhelmina wurdt noch altyd fierd. Heineken en Hertog Jan komme mei frachtweinen fol suertsjebier nei de talrike doarpsfeesten. En it klupkrantsje fan kulturele haadstêd Ljouwert, de Ljouwerter Krante, fertelde dat der noch rom 300 eveneminten efter dizze prachtige simmer oankomme. Der sit hielendal gjin oergong yn, de skûtsjes wienen noch oan it silen op 'e Lemmer, doe't op it strân Glemmer Beach al opboud waard.

Dan komme je thús, slaan de krante iepen of lêze op twitter: Nederlanners ha neffens it safolste ûnnedige ûndersyk yn Europa de bêste ferhâlding tusken wurk en rêst. Tsja, we witte bêst wat wurkjen is, mar it moat ek wer net te lang duorje. Dêrfoar ha we dikke cao's ôfsletten en dy hinderje ek neat, want de wurkjouwers dije geweldich, al moatte de aldergrutsten miskien dochs mar gjin dividindbelesting betelje seit Rutte, oars moat elkenien dêr fjouwer oeren langer wurkje.

Eartiids sei de de âlde Wiegel dat Friezen hurder wurkje as normale minsken. Dat is al lang oer. Der is nea ien Fryske cao ôfsletten, dus we ha gjin aparte posysje mear. Nederlanners wol. Nederlanners ha fan de kristlike feesten in dûbeld oantal frije dagen makke, dat is unyk yn Europa. En dêrom stean we boppe-oan dat ûndersykslistje. We binne faker frij as in oar en fertsjinje ek noch mear. Sterker, dan bliuwt der safolle jild oer, dat we dy frije tiid ynfolje kinne troch bygelyks nei in festival te gean. Dat bringt oare minsken har rêstgefoel wer nei de bliksem, mar sadree't as blykt dat Hearrenfean de festivals wol ha wol, dan harket Ljouwert net mear nei seurend folk. No, der sil lang om let wol in ûndersyk komme, hoe't dat fierder moat.

Want o wat kinne wy al net ûndersykje. It lêste ûndersyksresultaat dat ik fan 'e wike hearde wie dat Nederlanners lokkich binne mei de útkomsten fan ûndersiken. Dêr ek noch yn leauwe. En neffens libje.

We binne eins in tige dom folkje."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)