Hanna en har sechstich bisten sykje nij ûnderkommen

29 aug 2018 - 06:39

Hanneke Mol hat sûnt ein 2013 in bistetehûs yn De Haule. Se fangt dêr de meast swakke en kânsleaze bisten op en besoarget se in 'Achtste Hemel-waardig leventje' oant oan harren dea. Troch in skieding moat se har hûs út, dat betsjut dat sy en har sechstich bisten op strjitte komme te stean.

Foto: Omrop Fryslân - Berber Hania

Stichting Hanna wol graach mear omtinken en foaral donaasjes en eventueel in wenromte foar har en har bisten. Ferskate media hawwe al omtinken jûn oan de sitewaasje fan Hanna, bygelyks Hart van Nederland en de Leeuwarder Courant. Doe waard bekend dat se skiede soe. No is it hûs ferkocht en moat se op 1 desimber de wenning út.

Se hat yn 2016 al in crowdfundingaksje opset. De stichting hat yn de ôfrûne twa jier al 60.000 euro ophelle. It doelbedrach om in nij buorkerijke te keapjen foar har en de bisten is 250.000 euro. Om dat te berikken wurdt der no in Facebookaksje op tou set.

Het zijn mijn 60 kinderen.

Hanneke Mol oer de bisten

Hanneke Mol

Hanna hat katten, hûnen, in hynder, ponnys en skiep ûnder har hoede. "Opgeven is geen doen, het zijn mijn 60 kinderen", fertelt se. Om noch oant it doelbedrach te kommen foar 1 desimber is miskien net helber, mar Hanna bliuwt posityf: "Er kunnen ook alternatieven opduiken, zoals een kraakpand of misschien is er wel iemand die zegt 'ik heb nog wel een boerderijtje dat je kunt huren'."

'Worstcasesenario'

Mocht it echt net slagje om wat te finen, dan is Stichting Hanna ek taret. Der is in 'worstcasesenario' skreaun foar alle bisten. Oer alle bisten stiet hoe swak oft se binne en wa't noch te rêden falt. "Het komt erop neer dat bijna de helft elders kansloos is en euthanasie krijgt", fertelt se.

Mar Hanna wol posityf bliuwe en hopet dat se safolle mooglik minsken berikke kin, sadat de bisten net op strjitte komme te stean.

(advertinsje)