Seishûndert earstejiersstudinten ite ûnder de Aldehou

28 aug 2018 - 22:28

It is in tradysje oan it wurden by de Hegere Hotelskoalle fan NHL Stenden yn Ljouwert: mei alle hûnderten earstejiersstudinten op in bysûnder plak ite. Tiisdeitejûn sieten 600 studinten út binnen- en bûtenlân oan lange tafels by de Aldehou. Se waarden betsjinne troch studinten fan de hegere jierren. Ite en drinke ferbynt, sa is de gedachte derachter. Boppedat sjogge de nijelingen de keunst fan it iten servearjen ôf fan de âlderejiers.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It tal nije studinten oan de hotelskoalle yn Ljouwert is de lêste jierren stabyl. Dit jier giet it dus om hast seishûndert. Opfallend is dat sa'n tritich persint út it bûtenlân komt. Dan giet it om lannen lykas Dútslân, Sina, Bulgarije en Roemenië. Ljouwert stiet goed bekend yn Nederlân en is dit jier keazen ta bêste fan de fiif grutte hotelskoallen yn ús lân.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Ingrid Picard fan de hotelskoalle en twa treddejiersstudinten

Neffens treddejiersstudinten Marit van Eeden en Maaike Huerman fiele de nijelingen harren thús yn Ljouwert. Wol moatte de bûtenlânske studinten bot wenne oan de Nederlânske kultuer, dy't neffens Marit en Maaike tige direkt is. "Maar als er problemen zijn, helpen we ze en vangen we ze op."

(advertinsje)
(advertinsje)