Fryske Slûsbrêge by De Lemmer trije dagen ôfsletten

28 aug 2018 - 22:01

De Fryske Slûsbrêge by De Lemmer wurdt fan woansdei 29 augustus oant en mei freed 31 augustus ôfsletten fanwege wurksumheden oan it brêgedek. Dat betsjut dat motorisearre ferkear de brêge trije dagen en nachten net brûke kin.

Foto: Kadaster

De slytlaach oan de Fryske Slûsbrêge wurdt fernijd. Dat motorisearre ferfier net oer de brêge kin, betsjut ek dat iepenbier ferfier de brêge mije moat. Sawol foar frachtweinen as stadich ridend ferkear binne omliedingsrûten oanjûn. Fytsers en kuierders kinne wol oer de brêge, mar net sa maklik as oars.

Skipfeart

Fierder kinne skippen mei in hichte fan mear as 6.2 meter fan 29 oant en mei 31 augustus net ûnder de brêge troch. De slûs docht it wol, mar de brêge kin net omheech.

(advertinsje)