Eaststellingwerf wol meidwaan oan pilot foar behâld tsjerkegebouwen

28 aug 2018 - 21:24

De gemeente Eaststellingwerf wol meidwaan oan in pilot foar in tsjerkefyzje. It doel fan de tsjerkefyzjes is om religieus erfgoed yn stân te hâlden. Partijen lykas de gemeente, tsjerke-eigeners, erfgoedynstellingen en boargerfertsjintwurdigers geane mei-inoar yn petear oer de takomst fan it totale tsjerkebestân yn de gemeente. Yn totaal komme der seis gemeenten foar de lanlike pilot yn oanmerking en Eaststellingwerf hopet dêr ien fan te wurden.

De Doarpstsjerke yn Easterwâlde - Foto: Wikimedia Commons

"Net sketten is altyd mis", seit wethâlder Fimke Hijlkema. "We hoopje dat der in lanlike sprieding komt fan gemeenten dy't meidwaan meie, dus bygelyks ien yn de Rânestêd, ien yn it suden en ien yn it noarden. En dan soe it moai wêze as wy dyselde yn it noarden binne. We ha gjin lûden fan oare gemeenten yn de regio oer dizze pilot, dus we ha goede hoop."

Dúdlikheid oer takomst fan tsjerken

Alles moat úteinlik in dokumint opsmite, dêr't útspraken yn stean dy't rjochting jouwe oan de takomst fan de tsjerken. As in tsjerke net langer brûkt wurdt, komt der faak diskusje oer wat der mei it gebou barre moat. In tsjerkefyzje moat dúdlikheid jaan oer de takomst fan de tsjerken.

Doarpstsjerke Easterwâlde

Fan takom jier ôf sil it ministearje middelen beskikber stelle sa't gemeenten de mooglikheid hawwe om sa'n tsjerkefyzje te meitsjen. En wat no as der gjin jild út Den Haag komt nei Eaststellingwerf? "Dan moatte we it opnij besjen. We sille it dan oerlizze mei de tsjerklike mienskip. It is net sa dat we dat mei eigen middels dogge", seit Hijlkema. As foarbyld neamt se de doarpstsjerke yn Easterwâlde: "Dat is in moai, monumintaal gebou. Dat moat echt goed regele wurde. De tsjerklike gemeente wurdt dêr hieltyd lytser en de tsjerke hat in soad ûnderhâld nedich."

Yn Eaststellingwerf steane tweintich tsjerken. Santjin dêrfan wurde ek noch as tsjerke brûkt. wêrfan't alve in beskerme status ha.

Wethâlder Fimke Hijlkema

(advertinsje)
(advertinsje)