Jong Cambuur nei foarsprong ûnderút yn Nijmegen

28 aug 2018 - 20:50

Jong Cambuur hat ek de twadde kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern: it waard 4-2 op besite by Jong NEC. De ploech van Dennis van der Ree kaam noch wol op foarsprong yn Nijmegen, mar koe dy net fêsthâlde.

Rutger Etten earder dizze simmer - Foto: www.orange-pictures.nl

Rutger Etten makke de earste twa goals yn de wedstriid en hy sette de Ljouwerters dêrmei op 0-2. By it skoft stie Jong NEC lykwols alwer op gelikense hichte.

Yn de twadde helte rûn de thúsploech út nei 4-2.

Twadde ferlies

It is foar Jong Cambuur it twadde ferlies yn likefolle wedstriden: in wike lyn wie Jong SC Hearrenfean mei deselde sifers te sterk yn it Cambuurstadion.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)