FIDEO: Wadden Center folle grutter sukses as ferwachte

It Wadden Center yn Koarnwertersân is noch gjin healjier iepen en hat no al 90.000 besikers lutsen. Dat is folle mear as de ferwachting. Janneke Laverman is sûnt de iepening op 22 maart de bedriuwslieder en ferwachte sa'n 70.000 besikers yn it hiele jier. "It is in folle grutter sukses as dat wy tocht hienen. Yn trochsneed ha wy op in dei sa'n 800 besikers. Ein augustus ferwachtsje wy dêrom de 100.000 besiker."
live op lokaasje Waadsintrum
Sa'n sechtich prosint fan dy besikers komt út it bûtenlân. "Foaral Dútsers witte ús te finen, mar ek Amerikanen, Sinezen, Belgen, Italianen, Spanjerts, Noaren, Sweden en Britten", seit Laverman.

Ynteraktyf

Ien fan de redenen foar dit sukses is neffens Laverman de ynteraktive wize fan ynformaasje oerbringen. "Ast it sintrum binnenkomst, dan kinst fia in app in hiele rûte dwaan. De app is der yn acht talen, dat makket foar benammen de bûtenlânske toeristen in grut ferskil."
Troch de app leare de besikers mear oer de skiednis fan de Ofslútdyk en bygelyks de fiskmigraasje. "De besikers fûnen it brûken fan de app earst even spannend, mar úteinlik binne se hiel entûsjast."

Mear as in dyk

Laverman sjocht ek dat de toeristen in better idee krije fan hoe wichtich dizze dyk is foar Fryslân en Nederlân. "Der komt mear wurdearring foar de Ofsútdyk. Toeristen begripe dat it mear is as in dyk. Dat wie fansels it doel."