Marrekrite: mear tafersjoch op ynleverpunten smoarch wetter

28 aug 2018 - 18:53

Der moat mear tafersjoch komme op de ynleverpunten fan smoarchwettertanks fan boatsjeminsken. It komt no te faak foar dat de pompen yn de havens stikken binne of dat de haveneigeners in soad jild freegje foar it leegjen fan de tanks. Dat seit rekreaasjeskip Marrekrite. Dat sil yn oerlis mei de gemeenten om it tafersjoch te ferbetterjen.

In smoarchwettertank yn de Prinsetún yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Marrekrite-direkteur Lourens Touwen

Havens mei mear as 50 lisplakken moatte ferplicht in ynleverpunt foar smoarch wetter ha. Yn de praktyk sjocht de Marrekrite dat guon haveneigeners der gjin belang by ha.

"De inleverpunten zitten op een moeilijk bereikbare plek in de haven of ze vragen veel geld", seit direkteur Lourens Touwen. "Het voelt voor de eigenaren van de jachthavens alsof ze een container aan de weg moeten zetten omdat er wandelaars langs komen. Maar door het niet werken van de pompen, de slechte bereikbaarheid en de hoge kosten worden de goedwillende watersporters weer chagrijnig."

De Marrekrite sil dêrom mei gemeenten om tafel foar mear tafersjoch op de jachthavens.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dêrnjonken wol de Marrekrite dat elk wettersportdoarp in foarsjenning kriget dêr't boatsjeminsken harren smoarchwettertanks leegje kinne. De Marrekrite hat sels trije driuwende hûskes rûnom op it wetter yn ús provinsje. Boatsjeminsken kinne dêr nei it húske of harren tanks leegje. Der moat in lyts bedrach foar betelle wurde.

It rekreaasjeskip hat mei opstartproblemen te krijen, om't de betel-app net goed wurket. Kommende winter sil de Marrekrite sjen wat dêr oan te dwaan is.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Fryslân hat neffens Touwen in imagoprobleem. "Er wordt zo veel in het wild gepoept dat het in de loop van het watersportseizoen erg gaat stinken, vooral met zo'n lange warme zomer zoals we nu hebben gehad."

Doe't dúdlik waard dat swimmer Maarten van der Weijden mei syn alvestêdeswimtocht net begelaat wurde koe troch oare swimmers, om't it wetter op guon plakken te smoarch wie, hat de Marrekrite fuortendaliks kontakt opnaam mei it Wetterskip om dêr oer te praten. "Wij gaan meer doen aan bewustwording, want dat kan bij de watersporters nog wel beter."

(advertinsje)