Muzyk- en toanieltalinten ien wike byninoar yn De Lawei

It is de lêste wike fan de simmerfakânsje, mar yn Drachten binne dizze wike sa'n santich jonges en famkes út hiel Fryslân fanatyk oan de slach op de Fulkaan Simmer Akademy. It giet om talinten op it mêd fan muzyk en toaniel. Troch dy in wike lang te trainen kinne se oan it begjin fan it nije seizoen in flinke stap foarút sette. Alteast, dat is it idee.
Muzyk en toanieltalinten ien wike byninoar yn De Lawei
De Drachtster sjongeres Iris Kroes is foar guon fan de dielnimmers oan de Simmer Akademy in foarbyld. Dat komt goed út, want Iris Kroes fersoarge tiisdei in masterclass sjongen. Kroes joech fjirtjin sjongtalinten tips op it mêd fan poadiumpresintaasje en live sjongen op in poadium.
Iris Kroes © Omrop Fryslân
Beharkje ús reportaazje oer de Fulkaan Simmer Akademy
Om in liet oertsjûgjend te bringen, moatte je je ynlibje yn de tekst en tematyk, sei Kroes oer it liet 'All of me' fan sjonger John Legend. En besykje ek om in nûmer mei dynamyk te bringen, troch sêfter te sjongen by gefoelige passaazjes om op wer oare plakken lûder út te heljen. En harkje nei de begelieding, want in liet hoecht net altiten itselde te klinken, leaver net. De dielnimmers oan de masterclass wiene goed te sprekken oer de tips. Iris Kroes fûn it sels ek moai om te dwaan. "Ik hie sels hiel graach oan soks meidien, doe't ik sa jong wie, mar doe bestie soks net."
Dielnimmers oan de Fulkaan Simmer Akademy sammelje harren yn De Lawei © Omrop Fryslân
De Fulkaan Simmer Akademy giet noch de hele wike troch. No sneon litte de dielnimmers oan famylje, freonen en oare belangstellenden sjen wat se dizze wike leard hawwe.
De Fulkaan Simmer Akademy wurdt no foar de fiifde kear organisearre troch Keunstwurk, de Stichting Amateurtoaniel Fryslân, De Lawei en de gearwurkjende koare-organisaasje SAKO. Op de lêste dagen wurde de jongeren fan de ferskate dissiplinen trochinoar mjukse om mei-inoar oan in presintaasje te wurkjen op sneontemiddei.