Hollum op It Amelân krijt kontroversjeel parkearterrein

28 aug 2018 - 16:55

De ried fan It Amelân is akkoart mei de oanlis fan in parkearplak by de supermerk yn Hollum. Dêr moatte fjouwer hûskes foar sloopt wurde, dy't eigendom binne fan de gemeente.

It plak dêr't it gruttere parkearterrein komme moat - Foto: Google Street View

De saak spilet al jierren en hat ek tsjinne by de Ried fan Steat, omdat minsken dy't der flakby wenje benaud binne foar oerlêst. Se fûnen ek dat der sprake wie fan steatsstipe, omdat de eigener fan de supermerk it parkearterrein fan de gemeente keapje wol, as it ienkear oanlein is. De Ried fan Steat sette ferline jier in streek troch it bestimmingsplan, omdat de gemeente te min ynformaasje oanlevere hie.

Earder stapte wethâlder Will Bakema op om de kwestje, omdat de ried fûn dat Bakema te min ferteld hie oer de ôfspraken tusken de gemeente en de eigener fan de supermerk. Bakema wachte in driigjende moasje fan wantrouwen net ôf.

Nije ried

Yntusken sit der in nije gemeenteried en in mearderheid dêrfan wol sa gau mooglik ôf fan it pineholledossier. Andries Metz fan AmelandEén seit: "We zijn met z'n allen voornemens het zo snel mogelijk en zo goed mogelijk op te lossen en het gedoe achter ons te laten. De huisjes gaan plat, de gemeente legt een parkeerterrein aan en Douwe Bakker van de Coop-supermarkt koopt die parkeerplaats. Een dikke streep eronder."

De VVD stimde tsjin. "De VVD was in het verleden tegen en nu nog", seit Jeppe Groenewold fan de partij. Hy fynt it parkearplak yn it doarp net passen by it stribjen om auto's safolle mooglik út de doarpen wei te hâlden. Ek Han van Heerde fan Ameland'82 wiisde it plan ôf. Hy fûn it dreech om in goeie kar te meitsjen: "Je schaadt altijd wel iemand." PvdA, ABA, CDA en AmelandEén stimden foar. Sy ha mei elkoar in mearderheid.

(advertinsje)