Nije masine spuitet bestridingsmiddel allinnich op ûnkrûd

29 aug 2018 - 11:07

Yn Makkingea is tiisdei de earste saneamde plakspesifike ûnkrûdbestridingsmasine presintearre. Dizze masine, de earste aktive masine yn ús lân, bespuitet op bysûndere wize it ûnkrûd yn it lân. It apparaat hat yn it wurk in breedte fan 36 meter.

Om de trije meter sit in kamera montearre. Yn totaal sitte der tolve kamera's op de boom. Dy kamera's detektearje it ûnkrûd. Dêrnei giet der fia de kompjûter in seintsje nei ien fan de doppen ûnderoan de boom. De dop iepenet sels en spuitet bestridingsmiddel allinnich op it ûnkrûd.

Dizze metoade besparret behoarlik op it gebrûk fan bestridingsmiddel. It is folle milieufreonliker as wannear't it hiele lân bespuite wurdt. Troch de grutte breedte fan de boom wêrmei't spuite wurdt, kin der yn relatyf koarte tiid in grut stik lân behannele wurde mei bestridingsmiddels.

Foto: Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Trefwurden: 
Makkingea ûnkrûd
(advertinsje)