Mooglik legionellabaktearje yn MCL oantroffen

28 aug 2018 - 12:10

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert is by in reguliere kontrôle mooglik de legionellabaktearje oantroffen. Om besmetting foar te kommen binne ferskate maatregels nommen.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Sa binne ûnder oare de dûskoppen op de ôfdieling dêr't it om giet, ferfongen troch dûskoppen mei in spesjaal filter. It soe hjirby gean om de ok (operaasjekeamer). Boppedat soe ien fan de eigen meiwurkers, neffens in famyljelid fan it slachtoffer, mei besmettingsferskynsels opnommen wêze. De wurdfierder fan it MCL wol dit lykwols om privacy-redenen net befêstigje.

Wol is de baktearje, dy't yn in wetterlieding mei waarm wetter fûn waard, op kweek set. De útslach fan dit ûndersyk, dat mear dúdlikheid ferskaffe moat, wurdt ein dizze wike ferwachte.

(advertinsje)