Gjin wetter út Oortwolk-fontein troch technyske steuring

28 aug 2018 - 11:22

De Oortwolk-fontein yn Frjentsjer wurket net goed. Der komt wol mist út de bol, mar der komt fierder gjin wetter út de fontein. Dit komt neffens de gemeente Waadhoeke troch in lek yn de wettertafier.

Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt nei it probleem sjoen, de gemeente hopet dat de steuring gau ferholpen is. De fontein is ûnderdiel fan it 11-fountainsprojekt fan Kulturele Haadstêd 2018. Oant no ta binne 10 fonteinen klear, oan dy yn Dokkum wurdt noch wurke.

(advertinsje)
(advertinsje)