Ljouwert is ien fan de goedkeapste gemeenten foar in hendikepteparkearkaart

De kosten foar it oanfreegjen fan in hendikepteparkearkaart rinne aardich útinoar, docht bliken út ûndersyk fan it platfoarm Kortingscode.nl.
© ANP
Ljouwert is relatyf sjoen ien fan de goedkeapste gemeenten foar minsken dy't in hendikepteparkearkaart keapje moatte. Yn Ljouwert kostet sa'n kaart 150 euro, dêr't Eindhoven mei 651 euro as djoerste gemeente út it ûndersyk komt. Fan de 25 grutste gemeenten yn Nederlân dy't ûndersocht waarden, binne allinnich Almere mei 113 euro en Ede mei hast 89 euro goedkeaper as Ljouwert.
Guon gemeenten biede de kaart fergees oan of dêr wurdt de kaart fia it WMO fergoede. De kosten binne bedoeld as fergoeding foar it oanmeitsjen fan de kaart, in medyske keuring en it oanlizzen fan parkearplakken foar hendikepten.