Fries om utens Welmoed Sijtsma fan Jeugdjournaal nei Goedemorgen Nederland

28 aug 2018 - 08:30

Jeugdjournaal-presintatrise Welmoed Sijtsma makket de oerstap nei Goedemorgen Nederland fan omrop WNL. De yn Hurdegaryp berne Sijtsma (27) wurke sûnt 2014 foar it Jeugdjournaal. Se wie earder ek aktyf foar Omrop Fryslân.

Welmoed Sijtsma - Foto: ANP

Welmoed Sijtsma oer har stap nei WNL

In maklike kar om oer te stappen wie it net, seit Sijtsma yn De middei fan Fryslân. "Ik ha der wol hiel lang oer twivele. It is in moaie kâns, ik kin der in soad leare, dus ik tocht: ik doch it. Oan de oare kant ha ik it ek hiel goed nei myn sin by it Jeugdjournaal, dat ik dêr bliuwe woe. Mar úteinlik tocht ik: ik gean der gewoan foar."

By Goedemorgen Nederland moat Sijtsma aanst wol betiid fan bêd. "Ik tink dat ik noch nea sa betiid opstien bin, haha. Ik moat der om fiif oere wêze, dus dan wurdt it om fjouwer oere opstean."

Sijtsma sil yn de twadde wike fan septimber har earste Goedemorgen Nederland presintearje. Dat der yn it programma net allinne serieus nijs sit, mar bygelyks ek romte is foar in nij seizoen Boer zoekt Vrouw sprekt har oan. "Wol moai dat it allegear ferskillende ûnderwerpen binne." Mooglik sil Sijtsma yn de takomst ek oare dingen dwaan foar WNL. "It is in lytse omrop, mar se binne ek dwaande mei allegear searjes en dokumintêres. Der is noch neat konkreet, mar miskien kinst dêr yn de takomst wol wer ris oer belje", sei se op de radio.

(advertinsje)