Kollum: "Ferneukt troch trollen"

28 aug 2018 - 07:39

"Buorman soe op fakânsje en brocht de hûn nei it pensjon. Dat wie it doel teminsten, mar in oere letter wie er wer thús. Mei de hûn. Ik frege him wat der te rêden wie. 'Se akseptearren him net om't er net faksinearre wurden is,' sei er ferûngelike. Op myn fraach wêrom't er dat net dien litten hie, sei er dat in protte sykten al net mear bestiene. En dat spuitsjes net altyd holpen. 'Boppedat,' sei er, 'is it net ferkeard foar in bist om ris siik te wêzen. Dêr krije se wjerstân fan. Dêrby, al dy wittenskiplike ûndersiken dy't oanjouwe dat faksinaasje needsaaklik is, wurde betelle troch de farmaseutyske yndustry. Dy wolle allinne mar jild fertsjinje.'

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Buorman is in tige keardel dy't it bêste mei syn hûntsje foar hat. Dochs frege ik him oft de farmaseutyske yndustry net mear fertsjinje soe as dy sykten krekt ris âlderwetsk útbrutsen. Hy aike de hûn oer de kop en begûn oer de bywurkingen fan spuiten. Ik koe him fertelle dat 99,60% gjin lêst fan bywurkingen hie, dat soks desynformaasje wie, ferspraat troch ynternettrollen. Dyselde trollen dy't ûnrêst oanjeie as it oer faksinaasjes foar minskebern giet. Se beweare dat faksinaasjes autisme feroarsaakje, dat dy kwik befetsje of part fan in geheim plan binne om de minskheid te ûnderdrukken.

Mei troch sokke idioate aksjes wurdt de groep faksinaasjetwivelers hieltyd grutter. Krekt as de anty-faksinaasjegroep. Oer it algemien aardige, leave en oprjochte âlden dy't it bêste foar harren bern wolle. En harren troch desynformaasje yn it rychje godstsjinstdwylsinnigen, komplottinkers, de Lega Nord en Viifstjerrebeweging yn Italië pleatse. De gefolgen fan twiveljen en wegerjen fan ynintsjen wurde almar dúdliker. Mondiaal dus ek yn Europa en ja, ek yn Nederlân stjerre der wer mear bern oan sykten dy't earder ferdwûn wiene. Reitsje se ferlamme of wurde se foar it libben skeind. Dêr't memmen mei bern yn Boerkina Faso oeren yn de bleakerjende sinne rinne om dêrnei noch in heale dei yn de rige te stean om harren bern in tetanus-ynjeksje ta te krijen en dêrmei in kâns op libben te jaan, stelle memmen en heiten harren bern hjir wollens en wittens bleat oan sykten dy't al ferslein wiene.

Is it fandienens raar dat der oer ferplicht ynintsjen praat wurdt? Dat der neitocht wurdt yn de berne-opfang oer it wegerjen fan bern dy't net yninte wurde en dêrmei de groepsimmuniteit op it spul sette? It wichtichste argumint foar it eventueel ferplichtsjen fan faksinaasjes waard lêsten troch filosofen oanfierd: it wurket. Faksinaasje wurket. As minsken har net rasjoneel hâlde en drage, hat in oerheid de plicht om de folkssûnens boppe de persoanlike frijheid fan in wegerder te pleatsen. Om nei te tinken oer it koartsjen op de 'Kinderbijslag' fan âlden dy't de bern net ynintsje litte, sa't Ruud Coolen, direkteur fan it Instituut voor Verantwoord Medicijngebruik, útstelde.

Want blykber moat der earst in grutte útbraak fan guon sykten komme dêr't de bern ûnnedich mei hinnegean, of foar de rest fan harren libben ferlamme, blyn of dôf fan reitsje, foar't de needsaak fan faksinaasje opnij dúdlik wurdt.

Safier moat it net komme."

(advertinsje)