Pleatslik Belang Oerterp wol kompensaasje foar sinnepark

27 aug 2018 - 22:45

De plannen foar sinneparken yn Oerterp binne noch net samar klear om útfierd te wurden. Pleatslik Belang is op himsels net tsjin op it plan om in driuwend sinnepark oan te lizzen yn de Lippe Gabriëlsplas, mar dêr moat it doarp neffens foarsitter Jolanda Brouwer wol wat foar werom krije.

Foto: ANP

"We binne foar de sinnepanielen, absolút", seit se. "We krije ek noch in sinnepark efter de tennis- en fuotbalfjilden. Dan hat Oerterp in hiel protte sinnepanielen. Dan dogge we in grutte bydrage oan de enerzjyfoarsjenning, mar dêr moat ek wat tsjinoer stean."

Aansens lizze dy panielen dêr en dan wurde al dy saken net útfierd.

Jolanda Brouwer fan pleatslik belang Oerterp

Brouwer tinkt oan in ferhurde kuierpaad by de plasse. "Dan is de plasse oantreklik foar mear minsken, dat soe prachtich wêze. Mar dan moat dat wol dúdlik beskreaun stean yn de plannen. No stiet it der te frijbliuwend yn en dêr meitsje wy beswier tsjin. Aansens lizze dy panielen dêr en dan wurde al dy saken net útfierd."

Jolanda Brouwer

Oft de oanlis fan de sinneparken troch it beswier fan Pleatslik Belang no langer duorret, wit Brouwer net. "Mar as jo de ôfspraken net swart op wyt sette, dan witte je seker dat sa'n ferhurde kuierpaad der noait komt. Der stiet no 'We gaan onderzoeken of het kan' en 'We gaan dit, we gaan dat'. Mar sa wurket it natuerlik net."

"Dêrom wolle we dat swart op wyt. Dat ha ik ek yn it beswierskrift delset."

(advertinsje)
(advertinsje)