Opsterlân: 500 ferkearsboetes

© Omrop Fryslân
By trije ferkearskontrôles yn de gemeente Opsterlân binne hast 500 boeten útdield. Oan de Klauwertswei yn Sigerswâld riden in lytse hûndert automobilisten te hurd. Ien ried 115 km wylst 80 tastean is.
Op de Gordyksterwei by Beetstersweach gie it noch wat mâler. Dêr waard ien flitst mei 153 km yn oere. Op de dyk is 80 km de maksimale snelheid. Op de Badwei op De Gordyk riden sels 300 auto's te hurd. De rapste ried hjir 75 km de oere yn plak fan de tastiene 50.