"Ljouwert, dat is dochs dy stêd dêr't altyd sa'n soad bart?"

De festivals yn Ljouwert meitsje de stêd libbendich. Se moatte net út de stêd ferdwine. Mei dat idee hat Aletta Groeneveld in petysje opset om festivals foar Ljouwert te behâlden. De online-petysje is no mear as trijetûzen kear ûndertekene.
Psy-Fi festival © Omrop Fryslân
Ljouwert moat it fergunningbelied besjen om foar te kommen dat festivals út de stêd weigean. Guon organisatoaren tinke deroar om út te wiken nei Drachten of It Hearrenfean. Groeneveld hat sels gjin finansjele belangen by de festivals. Se wol mei har petysje in poadium jaan oan de foarstanners. Harren miening moat ek meiwage by de gemeente Ljouwert. Oant no ta bart dat te min, fynt Groeneveld, omdat it om yndividuen giet.
Aletta Groeneveld
Ljouwert, dat is dy stêd dêr't altyd sa'n soad bart.
Aletta Groeneveld oer de reaksjes dy't sy kriget
"It foel my op dat op Facebook in soad ûnfrede bestiet oer dat de festivals yn Ljouwert dermei driigje op te hâlden", seit Aletta Groeneveld. Sy is net spesifyk foar ien bepaald festival. Benammen de gesellichheid fan de festivals fynt se wichtich. "It makket dat Ljouwert libbet. Ik wenje yn in stêd dêr't in soad bart. As ik oare minsken fertel dat ik yn Ljouwert wenje, reagearje sy hiel posityf. "Dat is dy stêd dêr't altyd sa'n soad bart", sizze se dan. Dan kin it dochs net sa wêze dat dizze fiif festivals driigje te ferhúzjen of der hielendal mei op te hâlden?"
Groeneveld kriget ek reaksjes út it bûtenlân op de petysje. Mar der kinne fansels noch folle mear hantekeningen by fan foarstanners dy't gaach wolle dat de festivals bliuwe, sa fertelt se.