Hearrenfeanbeloften winne ek twadde wedstriid

27 aug 2018 - 20:49

Jong Hearrenfean hat ek har twadde kompetysjewedstriid wûn. Nei de derbywinst op Jong Cambuur ferline wike wie de ploech fan Chris de Wagt moandei te sterk foar Jong Achilles'29. It waard 6-2 op sportpark Skoatterwâld.

Pelle van Amersfoort - Foto: www.orange-pictures.nl

It gie hurd, want by it skoft wie it al 4-0 foar de Friezen. De goals yn de earste helte kamen fan Jesse Oliekan (2), Jizz Hornkamp en Pelle van Amersfoort. Nei it skoft boude Jong Hearrenfean de foarsprong út troch goals fan Van Amersfoort, syn twadde dus, en Mark Westra. Doe't it 4-0 stie, miste Achilles in penalty. Yn it lêste kertier skoarde Achilles noch wol twa kear.

Dat Hearrenfean mei dúdlike sifers fan Achilles wûn, wie gjin ferrassing. De ploech út Groesbeek ferlear ferline wike har earste kompetysjewedstriid al op eigen fjild mei 0-11 fan Jong FC Emmen.

(advertinsje)