Bûtenlânske studinten wolle taal fan Skiermûntseach rêde

Bûtenlânske studinten wolle taal fan Skiermûntseach rêde
Trije studinten, út Hongkong, Italië en Ljouwert, hawwe de ôfrûne twa moanne de taal fan it eilân Skiermûntseach leard. Troch sels 'eilauners' te learen en aktyf te brûken wolle Ken Ho út Hongkong, Giovanni Pinto út Italië en Dyami Millarson út Ljouwert de libbensdoer fan de bedrige taal ferlingje.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena

Cool

De trije studinten fine it Skiermûntseagersk 'cool'. Se hawwe de taal sels ek leard en brûke him ûnderinoar as geheimtaal. De kommende tiid wolle se yn petear mei boargemaster Ineke van Gent fan it eilân oer harren aksjes foar de taal. Se hoopje dat harren aksje derta liede sil dat de taal in better imago kriget. It 'eilauners' wurdt no benammen troch de âlderein praat.

Grammatika fan it Skiermûntseagersk yn it Italiaansk

Giovanni Pinto komt út Puglia yn de hakke fan Italië en hy hat klassike talen studearre. Syn spesjalisme is it bestudearjen fan útstoarne talen. It eilauners is dan wol net útstoarn, mar safier moat it ek net komme, fynt er. Pinto fynt it Skiermûntseagersk in hiel moaie taal. Hy is fan doel yn it Italiaansk in grammatika fan it Skiermûntseagersk te skriuwen, om de taal ynternasjonaal op de kaart te setten.
Dyami Millarson út Ljouwert sjocht in ferbân tusken biodiversiteit en taalkundige diversiteit. Hy fynt taalkundige diversiteit op syn minst like wichtich as biodiversiteit en dêr soe mear omtinken foar komme moatte.
Ken Ho út Hongkong is foar de twadde kear hjir. Hy hat earder al Frysk leard en hat ek mei it Aastersk fan Skylge oan de gong west.

Waadfrysk bedrige

De trije studinten fine dat it 'Waadfrysk' de echte bedrige taal is. It Frysk fan de fêste wâl hat noch wol aardich wat sprekkers. By de talen fan de eilannen giet it om sokke lytse tallen sprekkers. It Skiemûntseagersk fine se hiel bysûnder, poëtysk en nau ferbûn mei de natuer fan it eilân. Dy taal moat bliuwe. Om de taal te hearren en ek te learen hawwe se it ôfrûne wykein yn petear west mei de âlderein op it eilân. Der binne ek ferhalen foarlêzen. Ald-wethâlder Sytze Schut wie der oandien fan. Foar de Skiermûntseagers binne de trije studinten echte eilanners wurden.

Kursus foar Grinslanners

De trije studinten hawwe in hiel soad plannen en ideeën foar it behâld fan it eilauners. Dyami Millarson wol besykje in kursus oer it Skiermûntseagersk te meitsjen yn it Grinslânsk. Sa wol er jongerein yn Grinslân stimulearje Skiermûntseagersk te learen. It Frysk fan Skiermûntseach liket op it útstoarne Frysk dat eartiids praat waard yn Grinslân.
Ferslachjouwer Onno Falkena