Frou ferwûne by oanriding yn Wolvegea
In âldere frou is moandeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn de buert fan de bernebuorkerij yn Wolvegea.
De bestjoerder fan in oare auto kaam fan it parkearplak oan de Hortensiawei. Dy kaam troch noch ûnbekende oarsaak yn oanriding mei de frou, dy't op de dyk ried.
De frou is nei it sikehûs brocht. Hoe't it mei har is, is net dúdlik. De auto fan de frou is total loss.