Residivist út Ljouwert jier sel yn om stellerij en ynbraken

In 38-jierrige Ljouwerter moat in jier de finzenis yn foar ferskate gefallen fan stellerij, ynbrekken en heling. Boppedat kriget er ek in selstraf fan seis moanne ûnder betingst. De eask fan it Iepenbier Ministearje wie twa jier sel, wêrfan trije moannen ûnder betingst.
In ynbrekker © Shutterstock.com
De dei nei Keningsdei dit jier waard de man efter it stjoer fan in bedriuwsauto sjoen. Dêrefter lei in boat op in trailer. Dy wie yn Ljouwert stellen.
Fierders hat de man jild pind mei in stellen bankpas, dy't er yn syn besit krige nei in wenningynbraak yn Ljouwert. Ek hat er ynbrutsen yn in wykgebou fan de gemeente Ljouwert en hat er in fyts stellen.
Hy siet noch yn syn proeftiid doe't er de stellerij die. Dêrom moat er no seis moanne ekstra útsitte, want dy hie er noch stean as straf ûnder betingst.