Natuurmuseum Fryslân drok mei lêste tariedingen 'OnderWaterSafari'

Noch in pear wiken en dan is de metamorfoaze fan Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert klear mei de grutte nije ûnderwettereksposysje. Yn dy eksposysje geane besikers mei in karke oer de boaiem fan de Waadsee.
Natuermuseum
Achter de skermen binne se noch drok oan de gong mei de nije permaninte tentoanstelling 'OnderWaterSafari'. Dy ferfangt de ûnderwetterwrâld fan in sleat en wurdt ek folle grutter.
De OnderWaterSafari is in edukative 'ride', wêrby't besikers ûnder de wetterspegel dûke en wol drûge fuotten hâlde. Se meitsje in reis fan swiet wetter fan sleat en plas nei sâlt wetter fan de Waadsee.
© Omrop Fryslân
Simone Scheffer wie yn it natuermuseum
Yn dy Waadsee binne hûnderten fisken. Dêr wurde sa'n 200 fan makke troch preparateur Marjolein Kramer fan it museum. Se is der noch drok mei dwaande. Ûnderweis kinne besikers ek sykje om de bever, otter, de mearfal, seehûn en de brúnfisk. Fan 22 septimber ôf giet de safary iepen.
Foar de besikers is neat fan de ferbouwing te fernimmen. Yn dizze lêste wike fan de fakânsje is noch genôch te belibjen yn it museum lykas bygelyks de útstalling oer de skries.