'Kleurige ûntgriening' yn Ljouwert as statement tsjin eksessen

27 aug 2018 - 16:58

It is de koartste 'ûntgriening' ea, neffens de organisaasje fan LEIP! dy't de yntroduksje fan de nije Ljouwerter studinten opset hat. Nije studinten waarden moandei troch in tunnel fan tinten jage en ûnderweis mei in ûnskuldich kleurepoeier bestruid. De studinteferienings wolle dêrmei in statement meitsje tsjin de eksessen dy't der de lêste jierren yn oare studintestêden west hawwe. "Wy hâlde fan gesellichheid en in feestje, mar hawwe der gjin ferlet fan dat it út de hân rint", fertelt Joël Bosma fan de organisaasje.

Hast 3500 earstejiersstudinten wiene moandei de hiele dei yn de stêd dwaande mei aktiviteiten om yn de kunde te kommen mei Ljouwert, de ûndernimmers en de foarsjenningen. No freed is der noch in lytsskalich festival op it Gouverneursplein en op tongersdei 6 septimber wurde 10.000 studinten ferwachte op it plein by de Aldehou foar de start fan de stúdzjefeesten.

Ferslachjouwer René Koster is derby

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)