Ljouwerter moat healjier sel yn nei mishanneling

27 aug 2018 - 16:24

In Ljouwerter fan 28 jier moat in healjier de sel yn om't er in kunde knock-out slein hat. Dêrnjonken hat er ek noch in healjier selstraf ûnder betingst krigen. De útspraak is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

Foto: ANP

De mishanneling barde op 7 maaie yn Emmer-Compascuum yn Drinte. De 28-jierrige Ljouwerter stapte dy jûn ynienen syn auto út, skold it slachtoffer út en joech him in stomp. Dy foel mei syn holle tsjin in muorke en rekke út de tiid.

De Ljouwerter soe de man mei in boksbûgel slein hawwe, fanwegen oprinnende jaloersk gedrach nei syn freondinne ta. Dat de Ljouwerter yndie in boksbûgel brûkt hat, is neffens de rjochter net bewiisd.

Earder feroardiele

De dieder hat earder feroardiele west foar geweldsdelikten. Faak brûkte er geweld ûnder ynfloed fan alkohol. Dêrom moat er him fan de rjochter ek op syn minst sân wiken behannelje litte by ferslavingssoarch. Hy hie ek noch in selstraf fan fjouwer wiken ûnder betingst stean. Dy moat er no útsitte. Dêrnjonken moat er it slachtoffer 6.000 euro betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)