Joop Alberda tydlik werom by follybalbûn

Joop Alberda komt tydlik werom by it Nederlânsk follybalbûn. De Easterwâldster nimt fan 1 septimber ôf in tal wurksumheden oer fan Bram Ronnes, dy't krektlyn fuortgien is as technysk direkteur. Alberda hâldt him aanst benammen dwaande mei de nasjonale teams en de evaluaasje fan de topsportprogramma's nei takom seizoen ta. Hy bliuwt no oant 1 jannewaris takom jier by Nevobo.
© ANP
De Nederlânske manlju en froulju spylje yn septimber beide op it WK. De algemien direkteur fan it follybalbûn, Guido Davio: "Ook treffen we in de aankomende maanden voorbereidingen voor 2019, dat onder andere in het teken staat van kwalificatie voor de Olympische Spelen in 2020 en het Europees kampioenschap zaalvolleybal voor de mannen, dat we in eigen land spelen. Met de kennis en ervaring van Joop borgen we in deze periode de kwaliteit en de continuïteit van de programma's."
Joop Alberda as bûnscoach yn 1996 © ANP
Earder wie Alberda ek al yn twa perioaden wurksum foar follybalbûn Nevobo. Yn 1996 wie er bûnscoach fan de ploech dy't goud pakte op de Olympyske Spelen yn Atlanta. Letter wie er technysk direkteur.
Fierder hat Alberda wurke foar NOC*NSF en hy wie fan 2013 oant 2016 technysk direkteur by swimbûn KNZB.