Omroep West nimt syn harkers mei op fakânsje op de Fryske dei

27 aug 2018 - 15:50

"Do harkest nei Radio West, dyn stjoerder yn Súd-Hollân", dizze jingle is moandei te hearren yn de Rânestêd, ynsprutsen troch ús 'eigen' Diana de Groot. Wêrom hat dizze regionale stjoerder in Fryske dei?

Foto: Omroep West

"Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries", presintator Victor Postuma docht syn uterste bêst om it goed út te sprekken. It giet him aardich ôf. "Ik kan het Fries redelijk verstaan, maar het praten gaat nog niet helemaal goed. We zijn met de collega's al de hele middag aan het oefenen. Misschien moet ik er een fles wijn bij pakken, gaat het dan een stuk soepeler, of beter een fles Beerenburg," laket er.

We nemen de mensen mee op vakantie.

Victor Postuma

Victor Postuma

De omrop hat dit jier alle wiken in oar lân as tema, spesjaal foar de harkers dy't net mei fakânsje kinne of wolle. "We hebben de vakantieweken en nemen de mensen dus mee op vakantie. We hebben al kuilen gegraven met de Duitsers, uit volle borst chansons in het Frans gezongen, een Zweedse dag gehad, die jingles zijn echt onverstaanbaar, en pizza gebakken met een Italiaan."

Op de Fryske dei binne net inkeld de jingles yn it Frysk, mar ek de Fryske muzyk wurdt draaid. "De Kast is uiteraard voorbijgekomen, maar ook Elske DeWall en Maywood, ik wist helemaal niet dat die uit Friesland komen."

Earrebarre

Yn it programma sit ek in spultsje. Gewoanwei sykje se de betsjutting fan in plat Haachsk wurd, mar no sochten se de betsjutting fan it wurd 'earrebarre'. Victor wit ûnderwilens dat dat 'ooievaar' is. De Fryske dei makket diel út fan de Nederlânske wike. Tiisdei stiet Drinte sintraal.

Victor hat wol wat mei Fryslân. "Sterker nog, ik ben genetisch belast, mijn voorouders blijken uit Gorredijk te komen. Al drie, vier generaties zijn we 'om utens'. Ik vind het oprecht een prachtige provincie, dus wellicht keer ik nog eens terug naar het moederland."

(advertinsje)
(advertinsje)